Kramer set punt efter seizoen

02 mrt 2014 - 16:34
  • Sven Kramer

Sven Kramer set in punt efter syn reedrydseizoen. Dat makke er snein bekend. De TVM-rider giet ynkoarten ûnder it mes foar syn luchtwegen. De Olympysk kwampioen op de fiif kilometer waard sneon diskwalifisearre by it NK allround yn Amsterdam nei syn kick-finish op de 5000 meter. Kramer mocht snein noch wol fan start gean op de 1500 meter, mar liet dy ôfstân sjitte.

Troch de operaasje mist Kramer de wrâldbekerwedstriid yn Inzell, de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean en it WK allround fan 22 en 23 maart yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)