Kramer pleatst 'm ek op myl

30 des 2013 - 20:03
  • Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer mei op de Olympyske Spelen yn Sotsji ek yn aksje komme op de 1500 meter. Kramer ried de sechsde tiid. Mar om't hy him al pleatst hie foar de 5 en 10 kilometer mei hy no ek de 1500 meter ride. Kramer rydt ek de ploege-efterfolging.

De 1500 meter waard wûn troch Mark Tuitert, Koen Verweij waard twadde. Sprinter Jesper Hospes fan It Hearrenfean mei net nei Sotsji. Yn de prestaasjematriks falt hy krekt oer de râne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)