Kramer pakt 6e allroundtitel

13 jan 2013 - 16:27
  • Sven Kramer
  • It EK poadium

Sven Kramer hat snein yn Thialf syn sechsde Europeeske allround titel op syn namme skreaun. Dêrmei komt de rider fan It Fean op likense hichte mei Rintje Ritsma, dy't de titel ek seis kear op syn namme skreau. Op de ôfslutende 10 kilometer wie Kramer as gewoanlik wer fenomenaal. Mei noch fjouwer rûntsjes te gean sette Kramer in geweldige einsprint yn. De Europeesk kampioen sette in tiid fan 12.55.98 op 'e klok. Blokhuijsen notearre 13.01.60 en pakte it sulver. It brûns wie foar de Belg Bart Swings, dy't de 10 kilometer ôflei yn 13.08.08.

Yn it einklassemint einige Blokhuijsen as twadde mei romme efterstân op Kramer. De Noar Håvard Bøkko waard tredde, foar syn lângenoat Sverre Lunde Pedersen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)