Kramer op medaljekoers

06 feb 2005 - 15:47

Sven Kramer fan Aldskoat stiet nei de earste dei fan it WK allround reedriden yn Moskou op it tredde plak yn it tuskenklassement. Kramer waard 6e op de 5.000 meter yn 6.27,27. De Noar Grødum wûn de ôfstân, yn in tiid fan 6.22,31.

De Amerikaan Shani Davis giet oan de lieding yn it algemien klassement. Kramer is dus 3e, Jochem Uytdehaage is 4e, Carl Verheyen 5e en Bob de Jong 7e. Snein binne de 1.500 en de 10.000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)