Kramer oan de lieding op EK

11 jan 2013 - 21:50
  • Sven Kramer

Sven Kramer giet nei de earste dei fan it EK reedriden allround op It Hearrenfean oan de lieding. Kramer toande him freed yn Thialf op de 5 kilometer de sterkste mei in tiid fan 6.12.55 en makke dêrmei de achterstân goed dy't hy op de 500 meter oprûn hie. Ploechmaat Jan Blokhuijsen pakte op de 500 meter trije sekonden foarsprong op Sven Kramer, mar ferspile dy marzje dus wer op de 5 kilometer. Blokhuijsen stiet no twadde en moat sneon op de 1500 meter 0.79 sekonden goedmeitsje op Kramer om him wer foarby te gean.

De Noar Håvard Bøkko is de nûmer trije nei de earste dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)