Kramer noch net yn topfoarm

02 feb 2005 - 10:45

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is noch net topfit foar it WK Allround fan it kommende wykein yn Moskou. Kramer (18) is wurch nei in foar him no al tige yntinsyf seizoen. Kramer docht it dizze dagen rêstich oan om te herstellen. As dat slagget dan slút er in medaljeplak yn Moskou net út.

Op it WK ferwachtet Kramer de measte konkurrinsje fan 'e Amerikanen Hedrick en Davies, de Italiaan Fabris en fansels de oare Nederlanners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)