Kramer net op NK ôfstannen

20 okt 2010 - 17:34

Sven Kramer docht net mei oan it NK ôfstannen, begjin novimber op Thialf. Hy slacht ek de earste WB-wedstriden op It Hearrenfean oer.

De reedrider út Aldskoat hat net sein wêrom't er net ride sil. Earder dit jier hat er wol oanjûn dat er it dit jier rêstiger oandwaan sil. Tongersdeitemoarn is by de sponsor fan Sven Kramer, TVM, yn Hoogeveen in parsekonferinsje. Kramer wûn tsien kear goud, twa kear sulver en twa kear brûns op it NK ôfstannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)