Kramer net bliid mei wachtsjen

07 feb 2009 - 15:25
  • Sven Kramer

Sven Kramer wie sneontemiddei net bliid mei it lange wachtsjen foar syn 500 meter op it WK allround yn Hamar. Troch in fal fan de Súd-Koreaan Kwun-Won Choi moast de organisaasje skea oan it iis reparearje en dat duorre hast tweintich minuten.

Dat hie folle flugger kinnen, sei Kramer. Ek syn trainer Gerard Kemkers is min te sprekken oer de reparateurs. Hy fûn de reparaasje amateuristysk en net fan it heechste profesjonele nivo. Kramer waard sechde yn 36.33.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)