Kramer mooglik opfolger Syperda?

28 sep 2002 - 00:00

Baint Kramer is de earste kandidaat om de nije skipper op it Jouster skûtsje te wurden. Hy soe de opfolger wurde fan Peter Syperda dy't tongersdei opstapte. Syperda kin de silerij net kombinearje mei syn wurk. Hy hat ek syn nocht fan de protestkultuer yn de SKS.

Kramer foel fan 't simmer al foar Syperda yn. Hy kin inkeld skipper wurde as er út in skipperslaach komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)