Kramer mei net ride

11 mrt 2005 - 11:23

Sven Kramer mei oankommende snein net ride foar syn nije ploech TVM. De KNSB ferbiedt it him. Kramer hie snein graach mei syn takomstige ploechmaten Carl Verheijen en Jochem Uytdehaage starte wollen op it Iepen NK ploech-efterfolging yn Utrecht. Syn kontrakt by de KNSB rint noch oant 31 maart en dêr hâldt it bûn oan fêst. Kramer is teloarsteld mar ûndernimt gjin stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)