Kramer klaget oer kollega's

30 okt 2014 - 20:13
  • Sven Kramer by parsekonferinsje Team BrandLoyalty

Sven Kramer fynt dat der tefolle profesjonele reedriders binne yn ús lân. Dat meldt de NOS. Freed begjint it nije reedrydseizoen mei it NK ôfstannen yn Thialf, dêr't sa'n fyftich riders it tsjin inoar opnimme sille.

Neffens Kramer binne der lykwols in soad riders dy't eins net goed genôch binne om harsels profesjoneel reedrider te neamen. Hy klaget oer in soad drokte op de iisbaan by de trainings. Kramer pleitet foar in strangere seleksje foar it stimpel topsporter om it hege nivo ek yn de takomst te behâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)