Kramer kin wer folle bak ride

21 sep 2011 - 13:44

"Ik bin wer hielendal blessuerefrij," sa seit Sven Kramer. De no 25-jierrige reedrider is der krekt in jier út west, ûnder oare troch in blessuere oan syn boppeskonk. Kramer seit net hielendal pinefrij te wêzen, mar hy kin him wol hûndert prosint jaan.

Sa sil Kramer meidwaan oan it NK ôfstannen begjin novimber op It Hearrenfean. Kramer hat as doel steld him no earst te pleatsen foar it EK allround yn Boedapest fan begjin jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)