Kramer kânshawwer maraton

19 maaie 2010 - 07:27

Mariska Kramer út Drachten makket grutte kâns op it winnen fan de maraton fan Ljouwert, dat tinkt de organisaasje. Dy basearret him dêrby op it persoanlik rekôr fan de atlete. Ien fan de oare kânshawwers is Yvonne Kassenberg, de winneres fan ferline jier.

By de manlju binne neffens de organisaasje Fransua Woldermariam en Iwan Kamminga potinsjele winners. De maraton fan Ljouwert is snein 6 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)