Kramer hie lêst fan 'e rêch

18 feb 2014 - 17:26
  • Sven Kramer lokwinsket Jorrit Bergsma op it poadium

Sven Kramer hie tiisdei by syn rit oer de 10 kilometer in rêchblessuere. 'Ik haw eins al sa'n 4, 5 dagen lêst fan 'e rêch', fertelde Kramer nei syn race. 'Mar ik sit net sa yn inoar dat ik net meidoch. It is ek gjin ekskús, want je moatte gewoan fit wêze. Ik bin te faak blessearre foar in topsporter.'

Kramer wûn likegoed sulver yn in tiid fan 12.49.02. Jorrit Bergsma wûn de Olympyske 10 kilometer yn 12.44.45. 'In fantastyske tiid', seit Kramer dêroer. 'Jorrit hat fertsjinne wûn.'

Kramer melde him earder al ôf foar de 1500 meter. Hy komt noch wol yn aksje by de ploege-achterfolging. 'Dat binne net safolle rûntsjes as de 10 kilometer. Yn it begjin fan de race gie it no ek wol, mar letter yn de race moast ik omheech mei de rêch.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)