Kramer: gjin tsien kilometer

11 nov 2012 - 08:21
  • Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer docht snein net mei oan de tsien kilometer, op it NK ôfstannen yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Fia syn twitteraccount lit er witte dat er him folslein rjochtet op de fiif kilometer nije wike yn de striid om de wrâldbeker.

Kramer wûn freedtemiddei de fiif kilometer op it NK ôfstannen en pleatste him sadwaande foar de wrâldbekerwedstriden. Kramer komt werom fan in rêchblessuere en wol him net te bot forseare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)