Kramer gjin nasjonale sportman

16 des 2008 - 22:12

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is tiisdeitejûn net keazen ta sportman fan it jier. Dy titel gie by it sportgala yn Amsterdam nei Maarten van der Weijden. De lange-ôfstânswimmer wûn by de Olympyske Spelen goud op it ûnderdiel 10 kilometer yn it iepen wetter.

Neist Van der Weijden en Kramer wie ek hurdfytser Lars Boom nominearre. Kramer waard yn 2007 wol sportman fan it jier. Kramer wûn dit jier alle toernoaien by de allrounders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)