Kramer: 'gjin griene blokjes'

07 feb 2010 - 10:44
  • Sven Kramer fynt de griene blokjes yn Vancouver ûndúdlik (foto: Martin de Jong)

Reedrider Sven Kramer is net bliid mei de griene blokjes dy't de organisaasje fan de Olympyske Spelen brûkt as baanmarkearing. Al mear as 20 jier binne dy blokjes en de pionnen dy't der by hearre read, mar yn de Richmond Olympic Oval yn Vancouver binne dy grien.

Kramer fynt de griene blokjes net dúdlik en wol dat mei de organisaasje beprate. Ek bûnscoach Wopke de Vegt fynt de blokjes en pionnen ûndúdlik. Se binne minder goed te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)