Kramer fjirde op 500 meter

28 feb 2014 - 20:53
  • Sven Kramer

Sven Kramer is syn NK allround yn Amsterdam start mei in fjirde plak op de 500 meter. Kramer moast fuortendaliks yn de earste rit oan de bak en klokte in tiid fan 37.17. Allinnich Koen Verweij, Lucas van Alphen en Wouter Olde Heuvel wisten yn de ritten dêrnei ûnder syn tiid te dûken.

De winst gong nei Verweij yn in tiid fan 36.36. Van Alphen einige as twadde mei 36.69, Olde Heuvel as tredde yn 37.15.

Dedjer Wymenga fan Feanwâlden pakte mei syn tiid fan 37.46 in kreas achtste plak, krekt efter Peter Groen fan It Hearrenfean, dy't sânde waard yn 37.45. Douwe de Vries fan It Hearrenfean einige as njoggende yn 37.70. Jorjan Jorritsma út Appelskea waard tolfde mei 37.83.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)