Kramer ferwachtet gjin titel sporter fan it jier

16 des 2014 - 20:08

Sven Kramer giet der net fan út dat hy jûn op it Sportgala de titel Sportman fan it Jier wint. De reedrider hat krityk op it gala en tinkt dat dat net meiwurket. Kramer fynt dat de rol fan de faksjuery grutter wurde moat. No bepale 50 persint fan de sporters en 50 persint fan de faksjuery wa't de titels pakt. "Dat moat oars," sa fynt Kramer.

Epke Zonderland is sels ferwûndere dat hy nomineard is: "Der wiene dit jier safolle titels en Olympyske kampioenen, it koe wêze dat ik der ris net by siet," sa sei de fjouwerfâldich winner fan de titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)