Kramer en Ritsma net nei 1500m

01 nov 2005 - 15:45

Sven Kramer en Rintje Ritsma hawwe harren net pleatst foar de wrâldbeker 1500 meter. Kramer waard by de kwalifikaasjewedstriiden fjirde, Ritsma sande. In plak by de bêste twa wie needsaak foar de beide. Beorn Nijenhuis hie al in nominaasje en dêrtroch wie in fiifde plak foar him genôch.

Simon Kuipers wûn de 1500 meter yn Thialf, Jan Bos waard twadde. Mark Tuitert en Erben Wennemars wiene al wis fan in plakje en kamen net yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)