Kramer docht net mei oan ploege-achterfolging yn Kolomna

01 feb 2016 - 20:30
  • Sven Kramer

Sven Kramer docht nije wike freed net mei oan de ploege-achterfolging op de WK ôfstannen yn it Russyske Kolomna. De reedrider fan LottoNL-Jumbo rydt in dei earder de tsien kilometer, wylst de dei nei de ploege-achterfolging de fiif kilometer op it program stiet.

"Door het programma moest er een keuze gemaakt worden", leit syn coach Jac Orie uit. "En we hebben gekozen voor de 10 en de 5 kilometer."

Troch de ôfsizzing krijt Jan Blokhuijsen in nije kâns yn de achterfolgingsploech. De ploech bestiet fierder út de Friezen Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Douwe de Vries.

By de froulju foarmje Antoinette de Jong, Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Marije Joling de achterfolgingsploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)