Kramer bêste allrounder ea

17 feb 2013 - 17:44
  • Sven Kramer
  • Sven en Ireen

Sven Kramer hat mei oermacht de sechsde allround-wrâldtitel op syn namme skreaun. Op de ôfslutende 10 kilometer ried Kramer in útkynde race. De rider fan It Hearrenfean wûn yn in tiid fan 13.11.86 en wie dêrmei krekt rapper as de Belch Bart Swings (13.11.91). It brûns op de keningsrit wie foar de Noar Håvard Bøkko.

It is de sechsde wrâldtitel foar Kramer. Dêrmei is er de bêste allrounder ea. De 26-jierrige rider wie yn 2007, 2008, 2009, 2010 en 2012 al de rapste. Yn 2011 ûntbruts er op it WK fanwege in blessuere oan it bil.

Kramer passearret troch syn winst yn Hamar de Noar Oscar Mathisen en de Fin Clas Thunberg, dy't de wrâldtitel fiif kear pakten. De rider fan Aldskoat, dy't ek it EK allround al seis kear op syn namme skreau, wie sûnt ferline jier al de bêste Nederlanner. Rintje Ritsma kaam net fierder as fjouwer wrâldtitels. Ard Schenk en Jaap Eden wûnen beide trije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)