Kramer begjint fit oan seizoen

23 okt 2014 - 16:39
  • It nije team fan reedrider Sven Kramer
  • Der kaam in soart parse ôf op de teampresintaasje

Sven Kramer begjint blessuerefrij oan it nije reedrydseizoen. Dat sei er tongersdeitemiddei by de offisjele presintaasje fan it nije reedryd -en hurdfytsteam fan LottoNL en Jumbo. Yn it Utrechtse Tivoli/Vredenburg presintearre it team him oan de parse.

Opfallend is de teamkombinaasje fan reedriders as Kramer, Jan Smeekens en Stefan Groothuis, mar ek hurdfytsers as Wilco Kelderman en Robert Gesink. Doel fan de kombiploech is om kennis oer diëten en krêfttraining út te wikseljen.

Kramer is hielendal fit, liet er witte. Hy sil nije wike by it NK ôfstannen oan de start stean op de 1500 meter en de 5 en 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)