Kramer 5e heale maraton Breda

07 okt 2012 - 17:17
  • Mariska Kramer

Maratonrinster Mariska Kramer út Drachten is snein fyfde wurden by de Bredase Singelloop. Kramer kaam nei in oere en in kertier oer de streek op de heale maraton. It poadium wie foar de Keniaanske froulju. Winst wie der foar Monica Jepkoech. Sy sette in tiid fan 1 oere en 10 minuten op 'e klok. Twadde waard Josephine Chepkoech, folge troch Rebecca Chesir.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)