Kramer ûnderweis nei WK-titel

18 feb 2012 - 16:56

Sven Kramer hat troch in poerbêste 5000 meter in foarskot naam op syn fiifde wrâldtitel. Yn Moskou wûn Kramer de 5 kilometer yn 6.14.23, in baanrekôr. Jan Blokhuijsen waard twadde yn 6.16.99 en regearend wrâldkampioen Ivan Skobrev tredde yn 6.19.78.

Kramer begjint snein mei in lytse foarsprong op Blokhuijsen oan de 1500 meter. Koen Verweij is tredde yn it klassemint, Havard Bokko fjirde en Ivan Skobrev fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)