'Krachtontbijt' foar kânsen

21 nov 2013 - 16:10
  • It earste 'krachtontbijt' op It Hearrenfean

Yn hotel Heidehof op It Hearrenfean is tongersdei foar it earst yn Fryslân in saneamd 'Krachtontbijt' hâlden. Minsken mei in ferstanlike beheining, ûndernimmers en oerheden praten mei-inoar oer de kânsen op de arbeidsmerk. It kabinet hat bepaald dat de kommende jierren tûzenen minsken mei in beheining ûnder begelieding oan it wurk moatte by bedriuwen. Net alle wurkjouwers sitte dêr op te wachtsjen.

By it moarnsbrochje binne ferskate kontakten lein. By Lasaulec op It Hearrenfean wurkje al seis minsken mei in beheining yn it magazyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)