Kraanhotel foar Amsterdam

21 jul 2013 - 13:25
  • Kraan NDSM-werf

Skipsbouwer Talsma sil in hege kraan út Amsterdam ta hotel ferbouwe. De kraan oan it IJ wurdt moandei ûntmatele en op pontons set foar transport nei Frjentsjer, dêr't alles freed oankomme sil. Talsma sil it stiel renovearje, en hotelkeamers en in liftskacht bouwe. Dêrnei giet it kraanhotel wer nei de NDSM-werf yn Amsterdam dêr't er de kraan weikomt. De put is in moaie ynstruier foar Talsma.

Op it NDSM-terrein sitte nei de sluting fan de werf in soad kreative bedriuwen. Ein oktober moat it 30 meter hege kraanhotel klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)