Kraanskip losslein fan wâl

11 jan 2007 - 15:20
  • It kraanskip by de Ofslútdyk
  • De boat botst tsjin de dyk oan

By Breesândyk is in kraanskip losslein fan de wâl. It skip is nei de Ofslútdyk dreaun en botst dêr tsjin de basaltblokken oan. It skip liket noch net bot skansearre. Ek de fetten mei oalje dy't yn it skip sitte rinne noch gjin gefaar.

Persoaniel fan Rykswettersteat hâldt it skip yn 'e gaten. Der is besletten om it skip foarearst net fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)