Kraanfûgels ferlitte heechfean

04 okt 2014 - 15:03

De populaasje kraanfûgels yn it Fochtelerfean is fersteurd en lit it fean links lizze. Dat skriuwt natoerwurkgroep Bureau De Kraanvogel op har website. Wylst der yn juny noch 44 kraanfûgels wiene, binne it der no noch mar fiif. Oarsaken binne fersteurings as lânbouwurksumheden, de jacht, minsken op quads, kuierders mei hûnen en fotografen.

De natoerwurkgroep sit yn noed oer de kraanfûgels. De kraanfûgels hâlde ta yn it Fochtelerfean om fretten te sykjen. Troch de fersteuring wike se no út nei ikkers by Ravenswâld en Feanhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)