Kraanfûgelaksje foar MH17-slachtoffers hast klear

29 nov 2014 - 16:58

De kraanfûgelaksje fan it Alpha College yn Grins, dêr't Friezinne Hieke Raap wurke, leit goed op skema. Raap wie ien fan de slachtoffers fan de ramp mei it delstoarte fleantúch MH17 boppe Oekraïne.

De skoalle wol foar alle slachtoffers fan de ramp tûzen kraanfûgels teare. Dat soe útkomme op 298-tûzen kraanfûgels, dy't yn in keunstwurk ferwurke wurde moatte. De teller stiet no op 275-tûzen. De skoalle hat fan 'e wike noch in bydrage krigen fan in frou út Nijmegen. Sy hat 220-tûzen kraanfûgels teard.

Basisskoalle De Stapstien yn Kollumersweach docht ek mei oan de kraanfûgelaksje. In muoikesizzer fan de omkommen Hieke Raap stiet dêr foar de klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)