Kraanfûgel briedt yn Fryslân

18 jun 2001 - 00:00

Foar it earst yn 250 jier hat in kraanfûgel yn Nederlân in aai útbret. Dat barde yn it Fochteloërfean, op de grins fan Fryslân en Drinte. It jong is al seis wike âld. De Feriening Natuermonuminten makke it nijs moandei bekend.

Kraanfûgels komme in protte foar yn sompige gebieten, benammen yn Skandinavië. It wetterpeil yn it Fochteloërfean is okkerjiers ferhege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)