Kraanfûgel mooglik stellen

05 apr 2012 - 10:07

Yn Ingwierrum is mooglik in kraanfûgel stellen. De 74-jierrige eigener mist it bist sûnt sneon 24 maart. It bist siet yn in hok oan de Mûnebuorren by it hûs fan de eigener. Hy hie dêr ek in plak om bûtendoar om te rinnen. De plysje ûndersiket oft it om stellerij giet. De fûgel kin ek gewoan fuortflein wêze.

Sipma hâldt al sûnt tsien jier kraanfûgels. Syn kraanfûgels kostje twahûndert euro it stik. Sipma skeakele de diereplysje yn doe't de fûgel mar net weromkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)