Kraan Velsen demonteard weromfûn by sloperij Koatstertille

27 aug 2015 - 14:11

De grutte kraan dy't ferline wike yn Velsen stellen waard, is folslein demonteard weromfûn by in sloperij yn Koatstertille. In 21-jierrige man út Droegeham is oppakt op fertinking fan it trochferkeapjen fan de kraan. Der wurdt noch ûndersocht wa't de kraan stellen hat.

De plysje kaam de kraan op it spoar nei in oprop op de sosjale media. Der kaam in tip binnen oer de sloperij. Doe't de plysje dêr ûndersyk die, die bliken dat de kraan al folslein demonteard wie.

De eigener fan de kraan, Geert van den Akker, sit der hielendal trochhinne sûnt er it nijs fan de plysje hearde, meldt syn sus Jopie oan RTV Noord-Holland. ,,Geert is ingestort en naar huis gegaan. Hij trok het niet meer. Hij heeft al die stukken gezien en gevonden. Hij had tranen in zijn ogen. Het is een enorme domper voor hem."

Lês hjir it artikel fan RTV Noord-Holland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)