Kraan neist de dyk yn Ljouwert

15 jan 2013 - 19:31

In frachtwein dy't in kraan op in oplizzer ferfierde, is tiisdeitemiddei fêst kommen te sitten op de Aldlânsdyk yn Ljouwert, mar mei help fan de eigen kraan wer los takele. De swiere kraan wie brûkt op in bouterrein yn de buert. By it fuortriden gie de sjauffeur troch de berm. Dy wie net beferzen sa as er tocht, sadat it transport oant de assen fuortsakke. De kraan is doe fan de oplizzer riden en mei de kraan is de oplizzer út de middenberm takele. Ferkear op de Aldlânsdyk hat lang lêst hân fan fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)