Kraan fan miljoen by Kielstra

22 maaie 2013 - 16:44
  • Slim ûngelok mei grutte kraan Kielstra

Kraanferhier Kielstra op It Hearrenfean stekt hast 1 miljoen euro yn de oankeap fan in nije kraan. It giet om in 140 ton swiere teleskoop-kraan mei in gyk fan 60 meter. It bedriuw krijt de lêste jierren troch de krisis hieltyd minder opdrachten út de bou.

Dêr stiet foaroer dat der in grutte taname is yn it tal opdrachten út de oalje- en gaswinning. Ek liket it tal opdrachten út de yndustry wer licht te groeien, sa seit it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)