Kraan falt op hûs

10 jul 2007 - 10:07

In kraan fan heibedriuw Altenburg fan De Lemmer is moandei op in hûs-yn-oanbou yn Blauwestad yn Grinslân fallen. In man dy't yn it hûs oan it wurk wie, koe krekt op 'e tiid oan 'e kant springe. Der rekken gjinien ferwûne by it ûngelok.

De kraan foel om omdat de grûn te wiet wie troch de rein. Hy foel op in oanbouserre, mar it hûs moat hielendal sloopt wurde. De Fryske masinist kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)