Kraan drukt beammen om

03 jul 2010 - 12:53

Oan de dyk tusken Bitgum en Bitgummole binne freedtenacht fjouwer grutte beammen omdrukt mei in kraan. In fytser seach se sneon oer it fytspaad lizzen. De kraan stie parkeard omdat der oan de dyk wurke wurdt. De kraan is neffens de plysje mei in falske kaai start en doe brûkt om de beammen te fernielen.

De eigner fan de kraan seit dat de kraan allinne troch ien mei ûnderfining te starten en te betsjinjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)