Kraaijeveld werom nei Orca

30 apr 2012 - 11:43

Swimster Ilse Kraaijeveld komt werom op har âlde nêst, swimferiening Orca yn Ljouwert. Yn septimber 2010 makke it 21-jierrige swimtalint fan Dokkum de oerstap nei it nasjonale swimynstitút yn Eindhoven. Under lieding fan Jacco Verhaeren soe de stap nei de top makke wurde. Doel wie de Olympyske Spelen dizze simmer yn Londen.

No't dat net slagge is, sil se by it regionaal talinteteam fan Orca mei trainer Henri Koek de tried wer opppakke. Mooglik dat Kraaijeveld ein juny by it NK sprint al foar Orca swimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)