Kraaijeveld swimt yn Singapoer

31 okt 2014 - 14:35

Swimster Ilse Kraaijeveld út Dokkum komt dit wykein yn aksje by de wrâldcup swimwedstriid yn Singapoer. Doel is om te sjen hoe't har nivo is yn fergeliking mei de swimmers bûten Noardwest-Europa. Foar Kraaijeveld is de wedstriid benammen in mjitpunt om te sjen wêr't se op dit stuit stiet.

De swimster fan Orca út Ljouwert moast de ôfrûne tiid nammentlik in oantal trainings en wedstriden misse fanwege in blessuere oan har rêch. Kraaijeveld is no wer fit, mar rûn troch de blessuere wol in trainingsefterstân op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)