Kraaijeveld pakt 3x goud

12 maaie 2013 - 14:14

Op de twadde dei fan de Fryske simmerkampioenskippen yn De Welle hat swimster Ilse Kraaijeveld fan Orca sneon trije gouden medaljes pakt. Op de 100m flinterslach wie de ynwenster fan Dokkum de rapste yn in tiid fan 1.03.85. Ek de 200m frije slach waard in proai foar Kraaijeveld, dy't de titel pakte yn 2.05.35.

It tredde goud helle se as slotswimster op de 4x 100m frije slach. Op de lêste 100m moast Kraaijeveld in ferskil fan sa'n 20 meter goedmeitsje op Chantal Nap fan HZ&PC. Dat slagge mei in formidabele einsprint.

De titel op de 200m flinterslach by de manlju gong nei Ramon Fredrik fan Orca (2.19.75). It keningsnûmer de 100 meter frije slach waard wûn troch Erik Nijholt fan DZ&PC (53.34). De striid op de 4x 100m wikselslach estafette gong tusken de manlju fan DZ&PC en Orca. DZ&PC wûn yn 4.11.08 en hold Orca dêrmei knap op ôfstân (4.12.56).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)