Kraaijeveld net yn estafette

25 jul 2013 - 14:16

Orca-swimster Ilse Kraaijeveld sil net starte op de 4x100 meter frije slach estafette op it WK swimmen yn Barcelona. Tiisdeimoarn swom Kraaijeveld by de seleksjewedstriid net rap genôch om yn de nasjonale ploech te kommen. Wol sil se beskikber wêze as reserve op dit ûnderdiel.

It swimbûn keas der foar in ûnderlinge wedstriid te brûken foar it gearstallen fan de ploech. Kraaijeveld swom har bêste tiid sûnt trije jier, mar seach trije swimsters in rappere tiid klokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)