Krús wer op Martinitsjerke

15 des 2011 - 18:55

De restauraasje fan de Boalserter Martinitsjerke is klear. Rintmaster De Groot hat tongersdei eigenhandich it trije meter hege krús mei wynfaan wer werompleatst op it koar fan de tsjerke. By de restauraasje is benammen de bûtenkant fan tsjerke en toer opknapt. Ek hat de tsjerke in nij laaien dak krigen.

De restauraasje fan tsjerke en toer hat mei-inoar 1 miljoen euro koste. De 15de ieuske Martinitsjerke is ien fan de âldste monuminten fan Boalsert. De tsjerke ha ferskate bysûndere eleminten lykas in monumint foar Gysbert Japiks en de 14de ieuske Sint Martensstien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)