KPN-ûntslach noch ûnbekend

21 apr 2011 - 12:17
  • KPN Callcenter (argyffoto Omrop Fryslân)

KPN kin noch net sizze oft yn Fryslân ûntslaggen falle sille by it bedriuw. KPN wol lanlik 4000 oant 5000 minsken dien jaan. It bedriuw makket minder winst as ferwachte, benammen omdat klanten minder belje.

KPN wol no de kosten omdel helje, ûnder oare troch it tal persoanielsleden te ferminderjen. Oft dêrby ek de twatûzen wurknimmers yn it Noarden troffen wurde, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)