'KPN moat fergoeding jaan'

03 okt 2000 - 12:27

De gemeente Hearrenfean wol dat de KPN dupearren fan de tillefoansteuring in fergoeding jout. Docht de KPN dat net, dan wol de gemeente stappen ûndernimme.

Twa wike lyn wie der in ynslach yn in tillefoansintrale. Guon minsken koene dêrtroch dagenlang net belje. De KPN sei earder gjin kompensaasje jaan te wollen. Neffens de gemeente moat dat al, sjoen de leveringsbetingsten fan de KPN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)