KPN komt mei 'plattelânsoplossing' foar traach ynternet

10 nov 2015 - 12:42

Telekombedriuw KPN leit de kommende jierren flugge breedbân-ynternetferbiningen oan yn plattelânsgebieten, wêrûnder yn Fryslân. KPN brûkt dêrfoar it mobile 4G-netwurk. Dit kombinearret it telekombedriuw mei koper- en glêsfezelkabels.

It bedriuw wol de kommende twa jier sa'n 300.000 húshâldens yn bûtengebieten as klant winne. KPN hat de plattelânsoplossing de ôfrûne moannen "mei súkses" úttest yn Loppersum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)