KPN-kabels Waadsee te plak lein

15 okt 2005 - 12:33

De glêsfezelkabels yn de Waadsee freegje in soad ûnderhâld. Trochdat it Waad hieltyd ferskoot, feroarje de kabels ek. De KPN ynvestearret dan ek in soad tiid en jild om de kabels wer te plak te krijen.

Deputearre Bijman en boargemaster Swart fan Skier wiene útnoege om freed mei te gean. Mei in spesjaal skip en spesjale apparatuer wurde de kabels te plak lein. Der mei net groeven wurde, dus wurdt der in spesjale foarke brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)