Kowetekeningen Frou Wassenaar

17 maaie 2013 - 11:35
  • Kowetekening fan Rigtje Wassenaar
  • Frou Wassenaar
  • Frou Wassenaar tegearre mei de sjah fan Perzië

Yn Koarnjum is in eksposysje mei tekeningen fan kij te sjen. Dy binne makke troch 'de keninginne fan de fokkerij' Rigtsje Wassenaar-Boelstra út Jelsum.

Mei har man Jan Wassenaar boude Rigtsje yn de jierren '50 in bedriuw op dat by de absolute top fan de Fryske feefokkerij hearde. Frou Wassenaar koe goed tekenje. Har wurk hinget yn de Túnmanswente fan Martenastate yn Koarnjum. Wat opfalt is dat de ideale ko yn de jierren '30 hiel oars wie as no.

De fokkerij fan de Wassenaars wie wrâldferneamd. Sels de sjah fan Perzië kaam mei keninginne Juliana nei Jelsum op besite. De pleats fan de Wassenaars wie it fisitekaarte fan it Frysk Rundvee Stamboek. Nei de dea fan har man yn 1958 sette Rigtsje Wassenaar de fokkerij allinnich troch. Dat wie bysûnder foar dy tiid.

Nei it ferstjerren fan frou Wassenaar krige Titus Sinnema de kolleksje tekeningen as erfstik. Syn heit wie bedriuwslieder op ien fan de pleatsen fan de Wassenaars. De famylje sil de wurken úteinlik skinke oan de lân- en túnbouskoalle, de foarrinner fan it hjoeddeistige Nordwin College.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)