'Kowehannel mei asylsikers'

14 jan 2003 - 00:00

It COA docht oan kowehannel mei asylsikers op Flylân. Dat seit húsdokter Deen fan it Waadeilân. Lykas op It Amelân moat ek de oanfoljende opfang op Flylân ticht. De asylsikers fan Flylân wurde oerpleatst nei Sint Anne.

Dat plak is earst oer twa moanne klear. Dêrom moatte se tydlik nei Snits, Harns en sels Limburch. Neffens dokter Deen soargje al dy oerpleatsingen foar in soad ûnrêst ûnder de flechtelingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)