Koweflat by Wytmarsum giet oer

17 feb 2005 - 10:25

Wûnseradiel wol gjin flat mei kij yn de gemeente. In boer út Dordrecht woe in 28 meter heech gebou yn de greide delsette, mei plak foar 20.000 kij. De boer hie de gemeente tastimming frege foar de bou fan dizze 'kowe-flat' oan de râne fan Wytmarsum.

Mar de gemeente sjocht it net sitten en karde it plan ôf. De boer besiket it no yn oare gemeentes. Yn de Noardeastpolder stiet al in bargeflat mei 16.000 bargen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)