Koudumer ferwûne by Marsum

18 feb 2005 - 12:56

In man fan 22 út Koudum is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok by Marsum. De man rekke mei syn auto yn 'e sleat, neidat er nei alle gedachten mei te hege snelheid in oare auto ynhelle en dêrby tsjin de fangrail kaam.

De man moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Oant dy tiid waard er troch in meiwurker fan in ambulânse boppe wetter hâlden. It slachtoffer is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)